Hea! fan 11 april 2017 17:35

    Timmerman Dries Altenburg is mei pensjoen en dat mei ek wol nei 50 jier hurd wurkjen yn ‘e bou. Al dy tiid wurke hy foar itselde bediuw, Bootsma Bouwbedrijf yn Easterwierrum. Want Dries hâldt net fan fleanderij sa seit hy sels. Hy begûn as 15-jierrige jonge en wurke no al wer foar de tredde generaasje Bootsma. Op syn lêste wurkdei socht Hea! him op.
    En in portret fan Menno Patat. De markante snackbareigener út de Ljouwerter wyk Westeinde. Menno Jansma is net fan de feroarings en dêrom kinne je by him noch altyd terjochte foar in patatsje en in frikandel foar in euro.

    Timmerman Altenburg

    De lêste dei fan timmerman Dries Altenburg.

    Menno Patat

    Menno 'Patat' fan snackbar De Tille yn Ljouwert.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)