Hea! fan 11 april 2016 18:20

Twa grutte hûnen passe op 120 losrinnende hinnen yn Sondel. Se soargje derfoar dat de hinnen net opiten wurde troch de foksen en rôffûgels, sa as earst it gefal wie. Eins ha de hûnen nachttsjinst en de hoannen ha oerdei tsjinst. De hoannen warskôgje de hûnen as der echt gefaar is. Eigeners Joke Ensing en Welmoed Deinum binne tige tefreden oer dizze gearwurking fan de bisten.

De stedsfoljêre is al 21 jier de lûker fan it Sjaerdemapark yn Frjentsjer. Der wurdt goed op de fûgels past troch de frijwilligers. As der in fûgeltsje ferfelend is, dan wurdt der in oar plakje socht. De groep frijwilligers dy’t de fûgels fersoarget en de ferbliuwen ûnderhâldt, fergrizet en dus sykje se nije minsken.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)