Hea! fan 10 septimber 2019 17:20

Ek al komt der noait in bus del, je kinne noflik efkes stean te wachtsjen yn it bushokje fan Terbant. Der is fan alles te besjen en der leit lêsfoer genôch. Buertbewenners ha it hokje omtsjoend ta in soarte fan húskeamerke mei blommen, in klok en in boekekastje.

Nei hast 50 jier komt der in ein oan houthannel Van der Heide yn Jistrum. Eigener Jan van der Heide wurdt 68 jier en der is gjin opfolging. Eins hie Jan mei syn stúdzje ekonomy hiel wat oars kinnen. Mar by heit yn de saak wat sinten fertsjinje wie ek net ferkeard. En sa is er yn it bedriuw trochgien. Van der Heide hat gjin spyt: "It wie echt wat bysûnders". 

It bysûndere bushokje fan Terbant

Yn Terbant stiet in bysûnder bushokje, mar der komt noait in bus del. 

De ein fan Houthannel Van der Heide

Nei krapoan 50 jier komt der in ein oan houthannel Van der Heide út Jistrum. Eigener Jan van der Heide fynt dat it moai west hat. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)