Hea! fan 10 oktober 2018 17:35

Se is ien fan de fanatykste hûnfrisbeeërs fan Fryslân: Yvette Le Noble. Al 15 jier reiziget se fan kampioenskip nei kampioenskip mei har pronkje Lola. Mar it hûntsje is te âld en giet no mei pensjoen.

Doe't hekkelder Jaap Haitsma him 40 jier lyn by syn wurk op 'e bou te faak op de tomme sloech, fûn er it tiid foar in karriêreswitch. En no sit er nei al dy jierren noch hieltyd mei in soad nocht yn syn kabine.

WK Dogfrisbee

Hekkelje mei Haitsma

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)