Hea! fan 10 oktober 2017 17:35

Hjoed giet de Drachtsterbrêge yn Ljouwert nei 40 jier trouwe tsjinst foar de lêste kear iepen. It akwadukt is klear. Dêrnei wurdt de brêge ûntmantele. Brêgewipper Andries Wilkens docht de brêge noch ien kear iepen en dan sit it der op foar him.
Mei man en macht wurdt wurke oan de ferbouwing fan it nije doarpshûs fan Wier. En dat wurdt foar it grutste part frijwillich dien troch minsken út it eigen doarp: bouwers, dakdekkers, ynstallateurs. Elk hat in taak, mar der binne ek guon by dy’t de oaren “allinnich mar foar de bonken rinne”.

De Drachtsterbrêge

Foar de lêste kear iepen...

Doarpshûs 'd Alde Skoalle

Mei man en macht wurdt wurke oan it nije doarpshûs yn Wier. 

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)