HEA! fan 10 maart 2021 17:15

Bouwe de Groot en Cor Snoeij binne betûfte einekoerflechters. Alle jierren meitsje se wol hûndert kuorren, dy't se sels foar in part ek ophingje foar nije einenêsten. De manlju hawwe elk wol in hiel eigen styl. It kuorkjen is wol wat in manne-saak. Dat komt neffens De Groot omdat it fan âlds foaral troch fiskers en boeren dien waard. Mei koerflechtersferiening De Strampel besykje de manlju it ambacht yn libben te hâlden. 

Mei moai waar binne Sander, Theunis en Lars alle dagen yn de greiden om Easterein hinne te finen. De jonges fermeitsje harren der prima mei. It giet meastal wol goed, mar somtiden leveret it ek wolris in wiete broek op. De keunst is foaral om goed ôf te setten, sadat je oer it deade punt hinne komme, seit Lars. 

Einekoerflechtsjen

Bouwe de Groot en Cor Snoeij binne betûfte einekoerflechters. 

Polsstôkspringe

Foar Sander, Theunis en Lars is eltse sleat in útdaging. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)