Hea! fan 10 maaie 2017 17:35

Roppe, raze, kofje skinke en it draaiend rêd yn de tredde helte. Sa sjocht elke sneon foar Japke Boonstra en Jantsje de Vries der út. En dat wolle se ek graach sa hâlde. Dizze fanatike supporters stean dan ek al al jierren bekend as de hooligans fan VC Trynwalden.

Hy wie de man dy't it skot loste oan it begjin fan skûtsjesylwedstriden: Wiebe Haringsma. Sûnt in jier of acht is hy dêr mei ophâlden, mar hoe is it no mei him? Hat er syn gewear noch altyd?

De hooligans fan VC Trynwalden

Japke en Jantsje binne net fan it fuotbalfjild ôf te krijen...

Skûtsjesylskutter Wiebe Haringsma

15 jier lang sjitte foar de IFKS

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)