Hea! fan 10 jannewaris 2020 17:20

De keuring fan de jonge Fryske hynsten dy't opgean foar it grutte Stamboek is alle kearen wer in spannend momint foar de fokkers en eigeners. Abe Brandsma fan Wytmarsum hat mar leafst 2 selsfokte hynsten yn de twadde besichtigsronde. Brandsma sjocht út nei de keuringsdei, en hoe't syn hynsten Diederik B. en Fayke B. it dwaan sille.  

Fan de Hea!-souder komt in reportaazje út 2016. Rudolf de Jong út Aldehoarne hat fan ôffalhout in libbensgrut Frysk hynder makke. Hy mei it útstalle by de Hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert.  

Jonge hynstekeuring

De hynsten Diederik B. en Fayke B. fan Abe Brandsma fan Wytmarsum komme op de jonge hynstekeuring. 

Fan de Hea!-souder: it houten hynder

It houten hynder fan Rudolf de Jong. In reportaazje út jannewaris 2016. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)