Hea! fan 10 jannewaris 2019 17:35

De jongste riders yn de Fryske Quadrille binne Annemarie Reijenga en Hendrikus ter Schure fan Ousterhaule. Op de Fryske Hynstekeuring litte de acht twaspannen Fryske hynders achter de sjees wer harren keunsten sjen. Yn in kür meitsje se moaie figueren op muzyk. De riders binne klaaid yn Frysk kostúm. De tweintigers Annemarie en Hendrikus binne de jongsten fan de acht stellen fan de Quadrille. It is in hobby dy't in soad tiid en jild kostet, mar se ha it der graach foar oer. 

Fryske Quadrille

Annemarie Reijenga en Hendrikus ter Schure fan Ousterhaule ride mei yn de Fryske Quadrille. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)