Hea! fan 10 febrewaris 2021 17:15

Lekker bûten drave, springe en gek dwaan. No't de gymsealen ticht binne nimt Karin Willems fan Beetstersweach alle wiken groepen bern mei nei bûten. Se sitte al genôch binnen yn dizze lockdownperioade en de ferliedingen fan Ipad en Playstation binne grut. De bern fine it machtich moai.

Louw Zijlstra fan Baard is drok dwaande syn hiem sniefrij te skeppen. Hy is gek op dit moaie winterwaar. Tsjin de kjeld kinst dy klaaie, sa fynt Zijlstra. Do dochst gewoan wat mear klean oan. 

Bûten Boartsje yn Beetstersweach

Karin Willems lit de bern fan Beetstersweach bûten boartsje

Snie skeppe yn Baard

Louw Zijlstra makket syn hiem sniefrij

HEA!

Hea! is der wer yn septimber !! It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)