Hea! fan 10 febrewaris 2020 17:25

Sint Piter is sneon wer oankaam yn Grou. De middeis nei de yntocht giet Sint Piter altyd mei Swarte Pyt op besite by in tal minsken yn it doarp. Sa krijt frou Belksma in spesjaal betankje om't se altyd op de klean fan Sint Piter past hat. En hy giet efkes del by Wieger van Duuren, want dy leit plat mei in hernia.

At je hynders ha, mar midden yn it doarp wenje, wêr moatte je dan hinne mei de hynstestront? Dêr hat Sijke de Vries fan Hantum wat op fûn. Ien kear yn de twa dagen rint se mei in kroade fol nei in boer bûten it doarp, dêr't se it guod hinne bringe mei.

Sint Piter yn Grou

Sint Piter giet mei Swarte Pyt op besite by Grousters dy't wat omtinken brûke kinne. 

Goeie yn Hantum

Sijke de Vries bringt mei in kroade de hynstestront fuort. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)