Hea! fan 10 febrewaris 2016 18:20

De bruorren Bruinsma fan sportskoalle Keep Fit op’e Jouwer woene ris wat oars as fitness yn de seal. Se betochten fitness yn de iepen loft mei orizjinele attributen. Dit is in grut sukses. De dielnimmers fine it lekker yn de frisse bûtenloft. Soerstof jout enerzjy. En der wurdt altyd traind yn waar en wyn, útsein mei izel.

It echtpear Van Hooff makket al hast 20 jier de akwariums yn soarchsintrum Berchhiem yn Burgum skjin. Dit bart neffens in fêst ritueel ien kear yn de fjirtjin dagen op tongersdei. Elk hat syn eigen taak en dat wurket tige goed.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)