Hea! fan 10 desimber 2019 17:20

Hans van Aalst hat him nei syn pensioen oanslúten by de klussers fan de 65+ klusbus yn Ljouwert. Mei noch sân oare frijwilligers wurde se faak belle om lytse klusjes te dwaan. Hans fynt it in moai en unyk barren. De mannen komme net allinnich foar it dwaan fan de klusjes, mar ek in bakje kofje of in praatje heart der faak by. De minsken dêr't de klussers thúskomme foar in klus binne tige tankber en dêr dogge se it foar.

De tariedings fan it 4e kear it Dickensfestijn op 'e Lemmer binne folop yn gong. By dit unike barren stappe de Lemsters allegear werom yn de 18e iuw. Dizze edysje stiet folslein yn it teken fan de stoom en derfoar is in echte stoomtrein nei de Lemmer helle. Mar ek wurdt der al moannen bouwd oan in bierstoombrouwerij.

De 65+ klusbus fan Ljouwert

Alle dagen klusjes, in praatsje en in bakje kofje.

Dickens festijn

Op 'e Lemmer binne se drok dwaande mei de tariedings fan alwer de 4e edysje.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)