Hea! fan 10 desimber 2018 17:35

Sinteklaas is al aardich op jierren, en ek al wat stadiger...Dêrom hat hy de boat nei Spanje mist, en moat hy no mei syn âld auto op reis. Mar de Goedhillichman kin dan ek noch moai even op besite by de âlderein yn Berltsum, dy't eltse freed "Fit op Freed" docht. Dêr bliuwe se mentaal en fysyk fit by. Foar Sinteklaas ek net ferkeard om even oan mei te dwaan... 

Foar Anneke ten Hoor út Waskemar kinne de krystdagen no al net gau genôch komme. De beam stiet al, de ljochtsjes hingje en de spuitbus mei keunstsnie giet royaal troch it hûs. It leafst soe Anneke eins it hiele jier wol yn de krystsfear wêze wolle. Dizze reportaazje is in herhelling fan 30 oktober 2017.

Sinteklaas yn Berltsum

Sinteklaas op besite by de âlderein yn Berltsum. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)