Hea! fan 10 april 2019 17:35

It wie twa jier lyn in aktiviteit op in feestje en dat befoel sa goed dat se der mei trochgongen binne. Yntusken is de jeu de boule groep yn Wergea in populêre groep wurden. En ek al is it waar striemin, it jeu de boulen giet altyd troch,

Gerard de Lange en syn maten binne alle tongersdeis te finen yn it Grafysk Museum op de Jouwer. Se hawwe allegear in ferline yn de drukkerij-wrâld en kinne noch oer wei mei de âlde masines yn it museum. Ien muorre is folslein opnommen troch in mânske kast mei allegear smelle laadsjes. Gerard is der tige grutsk op, hy wit as ienige krekt wat der yn alle laadsjes sit.

De jeu de boulers fan Wergea

Twa jier lyn as aardigheidsje begûn mar yntusken útgroeid ta in serieuze groep dy't alle woansdeitemiddeis by elkoar komt om te jeu de boulen. 

It Grafysk Museum op de Jouwer

Noch mar in pear manlju witte hoe't de âlde drukmasines wurkje. Alle tongersdeis fermeitsje sy har tige yn it museum.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)