Hea! fan 10 april 2018 17:35

Wietze van der Molen hat yn Drachten in útstjoerbedriuw foar boupersoniel. Mar al gau kaam hy der achter dat der te min goeie mitselers binne. En dêrom rjochte hy sels in mitselskoalle op. Jonge minsken kinne dêr it mitselfak leare en ha ek fuortendaliks wurk. 

Hy is leaf, docht alles foar har en is soms in bytsje dwers: Rebel, it miny-hynderke fan Anne Marije de Warle fan Wjelsryp. Se kin mei him te riden foar in karke, hy kin keunstkes, mar der op sitte kin net: dêrfoar is Rebel te lyts. 

Mitselskoalle

De mitselskoalle fan Wietze van der Molen yn Drachten. 

Miny-hynderke

Rebel, it lytse hynderke fan Anne Marije de Warle út Wjelsryp.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)