Hea! fan 1 novimber 2019 17:20

Yn it ramt fan de wike fan de radio twa reportaazjes fan de Hea!-souder oer radio en de leafde dêr foar. Jan Bosma fan Noardburgum sammelet âlde Philips-radio's. Fan elts type wit hy wol hast de (by)namme. Syn leafde foar de âlde tastellen giet sa fier, dat hy syn libben der alris foar weage hat. 

En it libben fan Anne Tol fan Bûtenpost stiet folslein yn it teken fan radio en muzyk. Thús hat er it hûs fol sendapparatuer en makket hy ynternetradio-útstjoerings. En ek hat Tol 30 jier DJ west. 

De radiosammeling fan Jan Bosma

Jan Bosma fan Noardburgum en syn Philips-radio's. 

Radio 220 fan Anne Tol

It libben fan Anne Tol fan Bûtenpost stiet yn it ramt fan muzyk. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)