Hea! fan 1 novimber 2013 17:40

De mannen fan beammeroaierij Pietersma fan Burgum ha it noch smoardrok mei de neisleep fan de stoarm fan dizze wike. Rûnom yn 'e provinsje moatte der noch in hiel soad beammen oprêden wurde dy't troch de stoarm omfallen binne. Foar Mathijs Naessens en Jouke Epema binne dit topdagen. Se ha de houtsykte sizze se sels en wolle dat ek graach sa hâlde.

Bep Verwijmeren fan Jirnsum is fanatyk oan it breidzjen foar biste-asyl De Wissel yn Ljouwert. Wolle jo sels de breidpriemmen ek wer oppakke? Sjoch op www.knitten.nl

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)