Hea! fan 1 maart 2018 17:35

De hiele famylje De Vries fan Koatstertille is besmet mei it race-firus. Kommend wykein sil de jongste telch, Jente fan 7 jier, meidwaan by de Racing Expo yn it WTC yn Ljouwert. En pake Yje is tige grutsk. En by de famylje Kempenaar fan De Westereen sit it racen ek yn it bloed. Elk frij oerke wurdt bestege oan de dragrace auto's fan Harry en syn dochter Janita. Ek sy meitsje alles ree foar de Racing Expo yn Ljouwert. 

Racing Expo

Jente is 7 jier en racet foar de prizen mei yn syn minibuggy

Drag race

Janita en heit Harry Kempenaar en harren drag-race firus

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)