Hea! fan 1 maart 2017 17:35

    Nei 43 jier hâldt Radio Noorderbreedte op mei har deistige útstjoeringen út de studio yn MCL yn Ljouwert wei. En dêrmei is de âldste sike-omrop fan Nederlân no ferline tiid. Hûnderten frijwilligers setten har al dy jierren yn foar de pasjinten fan it sikehûs. De lêsten diene no de studiodoar foar it lêst achter har ticht. En dat wie net maklik.
    En yn Dokkum treft Hea! Annie Veenstra op har brommer. In Amsterdammer dy't yn Blije har thús fûn.

    Radio Noorderbreedte

    De lêste útstjoering fanút de studio yn it MCL

    Op 'e brommer

    In Amsterdammer yn Blija

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)