Hea! fan 1 maart 2012

    Foefke foar tsjerkeklok Langsweagen
    De tsjerkeklok fan Langsweagen rûn net altyd gelyk. Dus moast de koster alle dagen de treppen op om de klok lyk te setten. Mar dy bêste man woe ek wolris in wykein fuort, en dan moast er hieltyd wat regelje. Willem Lycklama á Nijeholt hat dêr no wat handichs foar betocht.
     
    Spikerbroekhingje mei pake en beppe
    Yn 'e fakânsje binne bern faak útfanhûs by harren pake en beppe. As se net witte wat se dwaan sille, kinne se yn de foarjiersfakânsje ek nei in museum yn Fryslân. Dy hawwe in spesjaal pogrogramma organisearre foar âld en jong om pake en beppe de fakânsje troch te helpen. By Het Admiraliteitshuis yn Dokkum koene se ûnder oare spikerbroekhingje.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)