Hea! fan 1 maaie 2019 17:35

Lieuwe Dooper fan Ferwâlde hie it leafst leanwurker wurden, mar dat sit der net yn. Hy hat in spiersykte. Mar hy is sljocht fan lânboumasines en woe der graach wat mei dwaan. No fotografearret en filmet hy se. Yntusken hat hy syn suske Elly ek al oanstutsen, sy giet regelmjittich mei op paad en helpt him. It resultaat is te finen op youtube en facebook ûnder 'Leanwurkers'.

Al strunend troch de provinsje trof HEA! by Dronmryp Anne de Vries. Hy regelt it ferkear op de tydlike pont dy't dêr oanlein is omdat der oan de brêge wurke wurdt. Hy docht dit wurk oeral yn Nederlân.

De 'leanwurkers' fan Lieuwe Dooper

Lieuwe makket foto's en films fan lânboumasines.

Op de pont by Dronryp

Anne de Vries regelt it ferkear by de pont dy't tydlik oer it Van Harinxmakanaal dêr leit.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)