Hea! fan 1 maaie 2014 17:40

Jerry Hettinga fan Hjerbeam hat in hynderpensjon mei sa'n 30 hynders. Dy binne fan guon minsken út de buert, dy't sels gjin plak ha foar harren hynders. Elk jier, ein april komme de eigeners del en litte se mei syn allen de hynders los as se nei in lange winter it lân wer yn meie. En dat wurdt donderjeie.

Yn in sportseal yn de wyk Nylân yn Ljouwert is elke woansdeitejûn in fêst ploechje aardich fanatyk oan it follyballen. Der binne der by dy't dat al mear as tweintich jier dogge. Mar se kinne noch wol wat ekstra leden brûke.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)