Hea! fan 1 july 2020 17:20

Sa gau as it waar it in bytsje talit, giet Siep Vellinga der efkes op út mei syn toerkajak. De rêst en de natuer, dat is wat hy sa moai fynt op it wetter. Syn GPS bringt him troch de hiele provinsje. En oeral yn Fryslân is wol earne in moai plakje te finen.

Hy fynt it sels ek wol wat apart. Mar it sit 'm yn de genen, tinkt Wiebe Leenstra fan De Jouwer sels.. Hy is sljocht fan trekkers, mar noch mear fan syn bysûndere wals. In reportaazje út 2016. 

In tochtje mei de kayak

Siep Vellinga kayakt troch Fryslân

In skuorre fol trekkers

Wiebe Leenstra is gek fan trekkers

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)