Hea! fan 1 febrewaris 2018 17:35

    Andries Hoekstra fan De Tynje hat syn earste wiken pensjoen der op sitten. En dat is wol efkes wenne nei jierren fan hurd wurkjen. 33 jier lang wie Hoekstra de húsdokter fan De Tynje en omkriten. Hy brocht sa'n 600 bern op 'e wrâld, hy wenne neist de praktyk en hie syn eigen apoteek. Syn ôfskied wie oerdonderjend want hûnderten pasjinten woene Hoekstra de hân jaan en him in moai pensjoen tawinksje.

    Húsdokter Hoekstra fan De Tynje

    Ofskied fan in plattelânsdokter.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)