Hea! fan 1 febrewaris 2017 17:35

    It showteam Fryslân is in klup jonge entûsjaste feehâlders. Faak wiene se al op jonge leeftiid yn 'e showring fan 'e feekeurings te finen. Yntusken aktearje se op nasjonaal nivo. En de ambysjes binne heech. Se wolle de Doutzen Kroes ûnder de kij fokke.

    En Jannes en Marie Hof fan Haulerwyk binne 60 jier troud. Se krigen 10 bern en wennen hast 30 jier yn it westen fan it lân. Mar wat wiene se bliid dat se wer werom nei Fryslân ferhuzen.

    Showteam Fryslân

    Knippe en skeare yn Damwâld foar de kowekeuring.

    Diamanten brulloft

    Jannes en Marie Hof binne 60 jier troud.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)