Hea! fan 1 febrewaris 2012

It ôfskied fan master Berend
Juster wie it de alderlêste wurkdei fan master Berend Lammers op basisskoalle De Hoekstien yn Arum. Hy hat 42 jier skoalmaster west, wêrfan 41 jier yn Arum. De bern en de kollega's hawwe der suver in feestdei fan makke. Der kaam ek in gûcheler op skoalle.
 
Goeie!
Theo Haarsma fan de restauraasje by it busstasjon yn Dokkum hâldt fan in skjinne stoepe foar de doar, dus moat er trije kear deis feie om alle smoargens fuort te heljen. Mar binnen is it in gesellige boel mei de fêste ploech klanten. It ynterieur komt noch út de jierren santich.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)