HEA! fan 1 desimber 2021 17:15

Syn skoanheit en dy syn heit dienen it al, en dêrfoar de froulju yn de famylje: Marten Schotanus fan Kollumersweach wynt al 21 jier de tsjerkeklok hânmjittich op. Dat moat ienris yn de 26 oeren dien wurde, oars stiet de tiid yn it doarp stil. En oft Reint Boiten de twa dikke snoeken echt fongen hat, moatte we mar leauwe. De fangst is yn alle gefallen fêstlein op de mobile tillefoan. De iene snoek is 87 sintimeter en de oare 98. Sportfiskje is in grutte hobby fan Reint en dat hat in spesjale reden.

De kloklieder fan Kollumersweach

Marten Schotanus fynt it bysûnder dat it âlde oerwurk it noch altyd docht. En soms, klimt er hielendal nei it topke fan de tsjerketoer om efkes fan it útsjoch te genietsjen.

Fisker mei ljochtallergy

Jierrenlang siet Reint Boiten yn 'e hûs, om't er ljochtallergy hat. Syn hûd ferdraacht mar min sinneljocht. Sûnt twa-en-in-heal-jier hat er medisinen en sadwaande kin er wer feilich nei bûten. Fiskje is dan foar him ek frijheid. Carpe diem, plôkje de dei, is dan ek syn libbensmotto.

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)