Hea! fan 1 desimber 2011

Feike en syn mammoet
Krekt as oars stiet der by Feike de Vries fan Starum fan alles oan brûkt guod om it hûs. De Staversen binne der stadichoan oan wend, mar wat hy no foar syn doar set hat, slacht alles. De bern binne der kjel fan, en Feike freget him sels ek ôf: wat moatte jo eins mei in mammoet?

Goeie!
Richolt Uilkema fan Drachten is op syn terras oan it feien. Yn it petear fertelt hy dat der wat him oanbelanget wol in strange winter komme mei, sadat we wer ride kinne. It moaiste soe fansels in alvestêdetocht wêze. Hy hat al sûnt 1963 in startnûmer en hat al hiel wat meimakke as alvestêderider. Hy wurdt der suver wer emosjoneel fan.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)