Hea! fan 1 april 2015 18:20

Jo soene it sa net sizze mar it wurdt wer simmer. De simmertiid is al yngien. It wurdt dan ek wer tiid om it swimbad simmerklear te meitsjen. Dat betsjut it wetter derút rinne litte en de drek derút skeppe. We sjogge by swimbad de Sawn Stjerren yn Hallum.

Lieuwe Terpstra út Wiuwert hat mei syn frou in grutte hobby en dat binne harren 27 skiep. Alle jierren nimt Lieuwe in pear wiken frij fan syn wurk as der lamme wurdt. Sels nachts hâldt hy de skiep yn ’e gaten. Hy hat in grutte tillevyzje yn ’e sliepkeamer stean en in kamera yn it hok fan de skiep.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)