Gryp, karnaval, ferdivedaasje, de winter en toch ek noch wer it klimaat (#10)

Ja, ja, ja de winter... Komt der noch wat? We hawwe it deroer, fansels! Mar Piet en Wim hawwe earst in menútsje as fjouwer 'smalltalk' oer gryp, karnaval en entertainment. En ta beslút: wat foar elementen út dizze winter binne streekrjocht ta te skriuwen oan de klimaatferoarings?

Programma presentator: 
Wim Brons

PietCast

It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteresearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma.
(Advertinsje)