Gewest Fryslân fan 9 desimber 2017 17:00

Yn 1973 wiene al de earste lûden fan gasboarrings op It Amelân. Van Gewest tot gewest folge dy saak op de foet. Earst in reportaazje út 1981 doe’t de Amelanners en Waadferieningslju foar de Ried fan Steat kamen. En dêrnei noch in reportaazje fan 1985. Doe waard der al boarre. Mar wie ek al dúdlik dat der al boaiemdelgong wie. In NAM man seit sels: we hebben een voorbeeld in Groningen gezien. Mar net ien griep yn. Doe net.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)