Gewest Fryslân fan 8 april 2017 17:00

    Moai is dat Van Gewest tot Gewest elkenien yn de rin fan de jierren de berte sjen litten hat fan saken dy’t no noch goed wurkje. Ut 1971 komt bygelyks in reportaazje oer it ûntstean fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. En wat dy betsjutte kinne soe. Dat betsjutte se noch. Moai is wol dat sein wurdt dat net elke leechsteande tsjerke foar wat oars brûkt wurde sil, mar we se inkeld noch as monumint oerhâlde sille. We hâlde lykwols net alles oer. Yn 1988 waard it Nanning Bulthuis museum oprjochte troch de dochter fan de boatsjebouwer en houtsnijer. Dat museum is der net mear, Bulthuis syn reau is ferspraat oer de provinsje.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)