Gewest Fryslân fan 7 maart 2013

‘Van Gewest tot Gewest’ waard al útstjoerd sûnt 1965. Gewest Fryslân dûkt werom yn it argyf fan it programma. Yn desimber 1967 waard in âld idee nij libben ynblaasd. Fan de iene op de oare dei waarden autoriders op de Ofslútdyk nei Fryslân ta oanhâlden en sy krigen in paspoart, in Frysk paspoart. It idee fan studinten en VVV waard fansels opfongen troch ‘Van Gewest tot Gewest’ en der kaam in wiidweidige reportaazje oer. Yn dizze reportaazje ek it liet fan Rients Gratama, dat gong oer dat Fryske paspoart, dat dêrnei nea wer te hearren wie.

Yn de oare reportaazje sil der werom sjoen wurde nei in film út 1974: Ien mûle, twa talen. Dizze film, presintearre troch kabaretier Hessel van der Wal, wie betelle troch de Provinsje Fryslân om oan te jaan hoe’t je twatalich dochs goed mei elkoar omgean kinne.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)