Gewest Fryslân fan 7 july 2018 17:00

Samlers sammelje fan alles. Van Gewest tot Gewest folge yn 1999 in sammeljend pear, Petra en Erik Hesmerg. Mar de master yn sammeljen wie fansels Nanne Ottema eartiids. Syn samling sjogge we yn de musea.

Yn 1983 spile fuotbalklup Hearrenfean de bekerfinale tsjin Ajax. Hûnderten bussen supporters reizgen mei. De ferwachtingen wiene heech. Van Gewest tot Gewest skôget de foarsizzingen en de útris foar de reis. De 6-2 nederlaach fan Hearrenfean sit net mear yn de reportaazje.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)