Gewest Fryslân fan 6 maaie 2017 17:00

    Gerrit Roorda gie fan De Tynje nei Amearika, rêde it dêr ek net op, kaam werom en ferdwûn nea wer fan De Tynje. Hy wie yntusken kommunist. Hy krige de Pravda deistich troch de brievebus. It wie in aardige man, in prachtige ferteller, wie waarnimmend boargemaster nei de oarloch yn Opsterlân. De yntusken ek al ferstoarne akteur Romke de Leeuw spile him yn 2000: Van Gewest tot Gewest hat dêr bylden fan makke. Trochsnien mei in âlder ynterview mei de doe al ferstoarne Roorda. In oar ferneamd personaazje yn Gewest Fryslân is de frou wêrnei’t in ierappelras neamd is: Bintje. Se skylt yn de reportaazje yn 1966 …..ierpels. Bintsjes.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)