Gewest Fryslân fan 6 jannewaris 2018 17:00

    Yn 1996 litte de freonen en lêzers fan de Schaduw-skriuwer Hans van der Kallen (Havank) de minsken troch Ljouwert kuierje oan de hân fan Havank syn 25ste boek "Circus Mikkenie". Hoe seach dy kulturele haadstêd der goed 20 jier lyn út?

    Yn 1977 bestie de Friesche Mij voor de Landbouw 125 jier. Dat fiere se mei in grutte útstalling en drok besochte resepsje. Mar dúdlik is dan al dat de boerestân yn Fryslân oan it ferdampen is.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)