Yn 1996 krige ek Fryslân hieltyd mear asylsikers. En frege himsels ôf hoe't je it bêste mei elkoar omgean kinne soenen. It kaam út yn de Van Gewest tot Gewestreportaazje ûnder de titel 'Friesland Kleurrijk'. Al siet der mear kleur yn de asylsikers as yn de Friezen.
Fierder út 1969 in reportaazje oer drafsintrum Wolvegea noch foar de fernijing. En yn Suwâld hiene se it idee fan in auto te brûken lykas de wite fyts. Elk soe dy auto brûke kinne, dan kamen der net tefolle. Entûsjasme yn 1996, suver meilijen as je der no nei sjogge.