Gewest Fryslân fan 4 oktober 2014 17:00

Yn Gewest Fryslân dizze kear, De Vlecke op De Jouwer koe wol in grut histoarysk belang ha as it om yndustry gie, yn 1975 wie der mar ien “baas” en dat wie Douwe Egberts. Dus doe't Johan van der Zee yn 1975 in televyzje-reportaazje makke oer De Jouwer foar Van Gewest tot Gewest, dan sille we no sjen, as dat programma werhelle wurdt yn Gewest Fryslân dat hy dan automatysk by Douwe Egberts telâne kaam. Dyselde Johan van der Zee socht yn 1969, ien fan syn earste reportaazjes, de âlde keunstskilder Johannes Elsinga op. Ek dy sit dus yn Gewest Fryslân.

Te sjen om 17.00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)