Gewest Fryslân fan 4 febrewaris 2017 17:00

    Elkenien tinkt dat de diskusje oer boarjen yn en om it Waad fan dizze tiid is. Mar we sjogge yn 1973 al in fûle diskusje yn de gemeenteried fan It Amelân. De boarders wûnen mei 4-3. Wat we ús fansels ek net mear realisearje, is, en dat lit in Van Gewestreportaazje sjen yn 1982, dat Flylân doe wol ôf woe fan al dy gastankjes dy’t de minsken dêr doe hiene. Se woenen in gaslieding nei it eilân ha; it kaam doe suver al wat tichterby.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)