Gewest Fryslân fan 4 april 2015 17:00

Yn Gewest Fryslân dizze jûn omtinken foar it fytsen fan skoalbern. De plattelânsskoalbern. Dy’t einen fytse moatte en moasten om op de middelbere skoalle te kommen. Dan moatte se wol om trekkers, auto’s en sa hinne. Gefaarlik tochten se yn 1982 bygelyks op de Hearrenfeanske skoallen. In reportaazje oer ferkearslessen doedestiids. In oare swierrichheid yn Fryslân is yn dyselde jierren de konfrontaasje fan de beropsfeart mei hieltyd gruttere skippen en de opkommende rekreaasjefeart. Moaie bylden en ferstannige lju dy’t oer it probleem prate.

Gewest Fryslân te sjen om 17.00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)