Gewest Fryslân fan 31 maart 2018 17:00

It moaiste fan Fryslân is neffens de minsken op 't heden it Planetarium fan Frjentsjer. Dat is der al hiel lang, Yn 1981 bestie it al 200 jier. Fansels makke Van Gewest tot Gewest doe in reportaazje. Ek oer festiviteiten fan doe deromhinne.

Paul Christien Bos. De keunstner wenne yn 1986 wat ferskûle yn in âld wenninkje yn Mûnein. It wie der omhinne allegear tige nearzich. En dochs makke hy skitterjend kleure foarstelingen. Van Gewest tot Gewest helle him efkes út syn isolemont.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)