Gewest Fryslân fan 31 maaie 2014 17:00

Dizze kear yn Gewest Fryslân. Yn 1985 ha se yn Nijhoarne it âld bejaardereiske fan de jierren tritich nochris neispile. Mei in hiele âlde bus op stap. Suver de hiele dei in toanielstikje fan de âldere bewenners fan Nijhoarne. It waard allegear registrearre troch Van Gewest tot Gewest, mei ek de âlde bylden fan de jierren tritich. It sit no sneon yn Gewest Fryslân.

Dêryn ek de earnstige kant fan Fryslân yn 2000, de striid dy't der wie om it Fries Museum wat ta gruttere hichte te bringen, sûnder dat it it gefoel fan de Friezen skea die. Dy taak wie foar direkteur Wim van Krimpen, op syn sêftst sein in nuveraardich man. It gie yn dy reportaazje oars ek oer it Frjentsjerter Coopmanshûs, mar de singeliere Van Krimpen hie de haadrol yn it programma Van Gewest tot Gewest dat op dy wize ek noch oan skiedskriuwing die.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)