Gewest Fryslân fan 31 jannewaris 2015 17:00

Yn 1993 wie de grutte diskusje yn Fryslân, Megapark ja, of megapark nee. Provinsje en letter ek it gemeentebestjoer fan Hearrenfean woenen in grut yndustrypark lâns de A7, inkeld foar grutte, de hiele grutte bedriuwen. Mar sels de minsken dy't gjin wurk hiene, wiene der bot op tsjin. It soe der al komme en dat it úteinlik syn doel net berikke soe, sit net yn de reportaazje, dêr’t fleurich yn diskusjearre en aksjefierd waard. In jier letter yn 1994 wie Van Gewest tot Gewest al wer op It Hearrenfean, no om sjen te litten dat it byldsje fan matroas Sjouke Gabbema, dat foar it gemeentehûs stiet, eins model stien hie foar Defoe's Robinson Crusoe. Dus hjir de reportaazje Sjouke Crusoe.

Gewest Fryslân te sjen om 17:00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)