Gewest Fryslân fan 30 juny 2018 18:15

Yn 1968 seach Van Gewest tot Gewest yn swart/wyt nei it fierljeppen yn Winsum. We sjogge George Valkema 14 meter 21 springen. Op 't heden geane de ljeppers al oer de 22 meter, alles feroaret.

Ek sa yn de noch eardere swart/wyt reportaazje oer it doarp Brantgum dat yn 1966 ien fan syn ferneamdste ynwenners, skilder Ids Wiersma, betocht troch de skoalle nei him te neamen. Kleur komt yn de útstjoering fan dizze sneon as we sjoggge nei ien fan de grutste suksesnûmers fan it ferneamde iepenloftspul fan Jorwert. Anatevka waard spile yn 1995.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)