Gewest Fryslân fan 3 septimber 2016 17:00

Yn it programma Gewest Fryslân litte we alle wiken sjen hoe’t it programma Van Gewest tot Gewest foar de nasjonale telefyzje stâl krige. In programma dat net oer de hurde feiten gie, suver wat toeristysk.

We litte no in reportaazje sjen út 2001, en dat wie wol deeglik in hurde reportaazje. De buert Harlingen Zuid wie doe noch wat in probleemwyk mei drugs en oare rommel. Dat waard alteast yn dy reportaazje sein. It gie wol benammen om it wurk fan de wykbehearder, dy’t mei de bewenners besocht om ôfbraak fan de buert foar te kommen. Fierder noch wat bylden fan 1967 doe’t de mokselfiskers fan it waad noch benaud wiene foar de dammen nei It Amelân dy’t Fryslân doe pland hie. No binne se der beide net mear. De dammen net. De moksels ek net.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)