In fersekering foar skippen kin, hielendal op Skylge, wol nedich wêze. Mar in fersekering dêr't de dielnimmers ien kear yn it jier lekker ite en drinke op in gesellige jûn, is wol unyk. Van Gewest tot Gewest fûn yn 1988 skipsfersekering de Buul op East-Skylge.
Yn 1985 waard Fryslân wekker skodde troch de misthoarn fan Starum. Sa waard de sjonger en lettere fiskboer Doede Bleeker neamd, om't syn sjongen in ferrassende rûgens hie. Hy sjongt ek yn de reportaazje: neffens himsels hie er doe "in wurm in et hoofd".