Gewest Fryslân fan 3 juny 2017 17:00

Van Gewest tot Gewest hie yndertiid fansels alle romte foar de romrofte kultuer fan Fryslân. Se wienen o sa faak dus by Tryater. Hielendal doe’t yn 1984 de akteur Freark Smink de Fryske dichter, advokaat en politikus Piter Jelles Troelstra delsette. In hiele ynkringende reportaazje.

Dat is net sa by dat ferhaal fan dy man yn Vegelinsoord, Brongers, dy’t in wetterwurdboek makke hie. Ut elk boek in wurd wat mei wetter te krijen hie opskriuwe en op kaartsjes yn bakjes sette. Foar in telefyzjereportaazje wol wat ientoanich.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)