Gewest Fryslân fan 3 febrewaris 2018 17:00

    De allerearste Strontrace fan Warkum nei Warmond wie yn 1974. En fansels wie Van Gewest tot Gewest dêr doe by. Betinker en organisator Reid fan Warkum fertelt dat we wol begripe moatte dat wyn fergees is. En dus sjogge we ek de earste Iselmaroerstekkers fan doe silen.

    Fjouwer jier letter, yn 1978, wie Johan van der Zee op reportaazje by de betonningstsjinst fan Skylge. Want ek it Waad moast kwa betonning lyklutsen wurde mei Amearika en Azië. En dat wie in hiel wurk.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)