Gewest Fryslân fan 28 jannewaris 2017 17:00

    As der iis is, is der de striid tusken de iisklups fan Nijelamer en de Ulesprong wa’t de earste koartebaanwedstriid organisearje kin. Van Gewest tot Gewest naam de winter fan 2000/2001 as foarbyld. It moaie wie doe dat Ulesprong yn it earste winterske desimber fan 2000 wûn, mar dat Nijelamer klear wie yn febrewaris 2001.

    Fierder in reportaazje út 1977. De Drachtster sjoernalist Fokke Haanstra hie in boek skreaun oer Jan Pieter Visser fan Moddergat. Dy hie noch tsjinst dien yn in roeirêdingboat. Mei Haanstra mar ek mei Visser gie Van Gewest tot Gewest op syk nei it ferhaal fan de barre tochten yn dy lytse, mar o sa krigele rêdingboaten.

    Gewest Fryslân

    It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)